SC Cambuur wol tsjin Ajax de Johan Cruijff ArenA stil spylje

17 sep 2021 - 14:13

De spilers en trainers fan SC Cambuur seagen woansdei foar de telefyzje dat Ajax yndruk makke yn de Champions League. It is sneon de tsjinstanner fan de Ljouwerters.

Alex Bangura is net benaud foar Antony:

Ajax wûn woansdei mei 5-1 fan Sporting Portugal. Spits Sébastien Haller skoarde fjouwer kear, mar rjochtsbûten Antony makke mei moaie assists de grutste yndruk. En lit dat no sneon nei alle gedachten de direkte tsjinstanner wêze fan Alex Bangura.

Je soene sizze: de linkerferdigener fan Cambuur hat de wedstriid fan Ajax mei ekstra belangstelling folge. Mar: "Om heel eerlijk te zijn heb ik niet gekeken. Ik heb de samenvatting gekeken", fertelt Bangura.

Dêr is wol in reden foar. De Cambuur-ferdigener spile jierren foar Feyenoord en je soene him sels wol in Rotterdammer neame meie. "Als klein jongetje was ik fan van Feyenoord. En sinds ik wat ouder ben, ben ik minder fan van Feyenoord. Maar dan ga je geen Ajax kijken", laket Bangura.

We ha neat te ferliezen.

Trainer Henk de Jong oer it duel mei Ajax

Ek trainer Henk de Jong hat thús op de bank geniete fan Ajax yn de Champions League. "Mar de kompetysje is wer wat oars. Ajax wol trochlûke wêr't se woansdei einige binne. We moatte der fan de earste sekonde ôf klear foar wêze. Oars rinst efter de feiten oan."

Foar Cambuur soe in lykspul yn de Johan Cruijff ArenA al winst wêze. De begrutting fan Ajax leit tweintich kear sa heech as dy fan Cambuur. "Ik hoopje dat we de minsken stil krije", seit De Jong. "We ha neat te ferliezen. Mar we ferslappe net. Ik besykje de jonges gek te meitsjen op de goeie manier. Dat se lef ha yn de ArenA. Ik hoopje dat we leard ha fan hoe it tsjin PSV gie. Dan gean ik der mei in goed gefoel hinne."

Trainer Henk de Jong fynt dat syn ploech neat te ferliezen hat:

Tsjin Ajax moat Cambuur yn alle gefallen oanfierder Erik Schouten en spits Roberts Uldrikis misse. Nei alle gedachten komt Jasper ter Heide krekt werom by de wedstriidseleksje fan in blessuere. De Jong hopet dat Uldrikis nije wike meidwaan kin. "Hy hat in tikje tsjin de holle hân en dêr moatte we goed op passe. De holle is hiel belangryk."

Schouten rekke ferline wike yn de warming-up fan it duel mei Go Ahead Eagles blessearre oan it kût. Hy kin noch net mei de groep meitraine. De ferwachting is dat de ferdigener nije wike snein tsjin Sparta wer oanheakje kin by de groep.

Antony yn betwang hâlde

Werom nei Bangura, dy't him opmakket foar it duel mei Antony. "Dat is kwaliteit. Het is een heel goede speler. Ik denk dat het mijn tegenstander wordt en aan mij de taak om hem in bedwang te houden."

Bangura hat ek al yn de holle hoe't er de Braziliaan yn betwang hâlde sil. "Je moet hem niet teveel ruimte geven, want dan kan hij heel mooie dingen doen." Dochs hâldt de 22-jierrige Cambuur-spiler ek rekken mei in oare tsjinstanner, want hy kin ek samar Steven Berghuis of David Neres tsjinoer him ha.

De Johan Cruijff ArenA - Foto: Orange Pictures

It liket Bangura as Rotterdammer ek wol wat: de ArenA stil spylje. It stadion sil troch de coronaregels folle wêze mei sa'n 35.000 fans. Foar guon Cambuur-spilers sil it de earste kear wêze dat se yn sa'n grut stadion spylje.

Dochs is Henk de Jong net benaud dat se derfan ûnder de yndruk binne. Of dat syn spilers foto's en selfies meitsje sille. "Dat dogge we net. It is ús wurk. It giet om de punten en net om moaie selfies. Dan geane se mar nei in Champions League-wedstriid."

De wedstriid tusken Ajax en SC Cambuur begjint sneontejûn om 20.00 oere. Omrop Fryslân is der live by mei in ekstra sportprogramma op de radio. Dat begjint om 19.45 oere en út de Johan Cruijff ArenA wei fersoarget sportferslachjouwer Andor Faber it kommentaar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)