CDA en CU wolle witte wat Deputearre Steaten fan ûnteigening boeren fine

De provinsjale fraksjes fan CDA en ChristenUnie wolle witte hoe't Deputearre Steaten tinke oer de ûnteigening fan boeren. CDA-Steatelid Anne Schelhaas fynt it 'ûnbegryplik' dat sokke yngripende maatregels yn oerwaging binne.
Kij yn de greide © Omrop Fryslân
Dizze wike lekte út dat lânsadvokaat Hans Besselink it advys jûn hat om de fergunning fan guon boeren yn te lûken, mochten se yn de buert fan natuergebieten tefolle stikstof útstjitte.
De twa fraksjes sjogge dêr neat yn en sykje just har heil yn de plannen dêr't boeren, miljeu-organisaasjes en ûndernimmersklups yn maaie mei kamen.