De toer fan Foudgum kin der nei grut ûnderhâld wer tsjinoan

De fan oarsprong 12e-iuwske toer fan de Mariatsjerke yn Foudgum hat grut ûnderhâld hân. It wurk is útfierd yn opdracht fan Stichting Monumentenbehoud Dongeradeel en is foar in grut part betelle troch Noardeast-Fryslân, de provinsje en it Ryk.
De toer fan Foudgum © DOKCOM
De ôfrûne moannen hat de tsjerke yn de stegers stien. Der wie ûnderhâld nedich: it dak moast op guon plakken opknapt wurde. Sa binne der pannen ferfongen, mar ek it foechwurk en skilderwurk is dien. Yn de toer binne fentilaasjegatten makke, om fochtproblemen foar te kommen.

Piet Paaltjens syn tsjerke

De tsjerke is yn de 12e-iuw boud, mar yn 1807 is it skip ôfbrutsen en it jier dêrnei is dy ferfongen. De toer bleau wol stean, mar is troch de jierren hinne noch wolris oanpast. In bekende predikant yn de tsjerke is de bekende skriuwer François Haverschmidt (1835-1894), better bekend as Piet Paaltjens.