Oanlis fan driuwend sinnepark by Oerterp oan 'e Feart úteinset

De oanlis fan in driuwend sinnepark mei goed 25.000 panielen by Oerterp oan 'e Feart is úteinset. De driuwende panielen wurde troch it bedriuw GroenLeven pleatst op de Libbe Gabriëlsplasse. In pear jier lyn wie der noch wjerstân by omwenners.
De Libbe Gabriëlsplasse © GroenLeven
It sinnepark moat oan de ein fan it jier wurkje. Der moat aanst foar sa'n 4.000 húshâldens stroom opwekt wurde. Gemeente Opsterlân stipet it projekt: "Dit mooie project in Ureterp past in goed rentmeesterschap, om onze aarde beter door te geven", seit wethâlder Rob Jonkman.

Lânskip

De panielen wurde oan de boaiem fan de eardere sânwinput fêstmakke. Neffens GroenLeven wurdt der in soad omtinken jûn oan it ynpassen fan it sinnepark yn it lânkip. Der wurdt in fruithôf oanlein en der komme flearmûs- en fûgelkasten. Ek komme der in nij kuierpaad en bettere fisklokaasjes.
Earder soe it Spaanske bedriuw Univergy Solar sinnepanielen pleatse, mar oer harren plannen wie argewaasje. It doarp wie net tefreden oer de kommunikaasje en hie it gefoel dat it park der 'trochdrukt' waard, te'n koste fan de natuer.
Letter luts it Spaanske bedriuw him werom en naam GroenLeven it oer. GroenLeven hat ek al in driuwend sinnepark yn Nij Beets oanlein.