De toan fan Joana Duarte: "Hâld fan Frysk"

"De ôfrûne wiken wie ik wer mei myn studinten fan de RUG en NHL Stenden Hegeskoalle oan 'e slach, op lokaasje! In dochs wat nuver, mar tagelyk ek moai gefoel, om wer sa tichtby de studinten wêze te kinnen, letterlik en figuerlik.
Alhoewol't in soad minsken faaks tinke dat it Frysk mar in marzjinale rol yn dizze twa ûnderwiisorganisaasjes spilet, fiere ús studinten in soad opdrachten út dy't te krijen hawwe mei de Fryske taal. Net allinne Frysktalige studinten dogge dat, al ús studinten. Se leare net allegearre Frysk te praten, mar se dogge der wol in soad ûndersyk nei. Dizze wike jou ik graach wat omtinken oan sa'n ûndersyk, fan ien fan ús studinten fan de research master, Sarah.
Sarah woe graach witte hoe't de reseptive taalfeardigens fan Nederlânsktaligen har begryp fan it Frysk beynfloedet. Reseptive taalfeardigens omfiemet alle strategyen dy't sprekkers passyf of aktyf tapasse om in taal dy't se noch net prate dochs te ferstean.
As ik bygelyks yn it Portugeesk sis: "a Frísia é uma província da Holanda", kenne jo grif de wurden "Frísia", "província", en miskien ek wol "Holanda" werom, alhoewol't jo de Portugeeske taal net machtich binne. Dizze wurden binne ferlykber mei wurden yn it Frysk of Nederlânsk.
Jo hawwe bewust of ûnbewust de reseptive strategy aktivearre dy't it mooglik makket ferlykbere wurden te ferstean. Sarah stelde harsels de folgjende fraach: as in soad wurden yn it Frysk en Nederlânsk yn mear of mindere mjitte ferlykber binne, wêrom sizze in soad Nederlânsktaligen dan faak dat se it Frysk net fersteane?
Alhoewol't wol faker sein wurdt dat Fryslân in natuerlik laboratoarium is fan meartaligens, dat de provinsje de perfekte setting biedt foar stúdzjes oer reseptive meartaligens, binne der grif in soad minsken dy't foar de earste kear in besite bringe oan Fryslân en noch nea in wurd Frysk heard hawwe.
Sarah frege har ôf wat it ferstean fan it Frysk troch dizze minsken it meast beynfloedet: yn hoefier't it Frysk en it Nederlânsk op wurdskatnivo mei-inoar te ferlykjen binne, of de attitude fan minsken foar it Frysk oer?
Ut earder ûndersyk hat bliken dien dat in negative attitude foar in taal oer liedt ta minder begryp fan dyselde taal. Is it idee om reseptive meartaligens te brûken om it Frysk better te ferstean dêrmei faaks dochs net sa'n realistyske opsje?
Om it effekt fan attitude op it begryp fan it Frysk fêststelle te kinnen, moast Sarah de eksplisite en ymplisite attituden fan fjouwerentritich Nederlânsktaligen mei in enkête en in eksperimint boppe wetter krije.
By in eksplisite attitude sizze minsken gewoan planút hoe't se earne oer tinke, bygelyks yn in enkête mei de fraach: "ik fyn it Frysk in moaie taal". By in ymplisite attitude reagearje minsken op ferskillende statements oer it Frysk. Dêrby wurdt har reaksjetiid metten. Hoe langer de reaksjetiid, hoe negatiever de (ymplisite) attitude.
Ut Sarah's resultaten blike ferskillende effekten fan attitudes op it begryp fan it Frysk troch Nederlânsktaligen. Der wie in signifikant effekt fan ymplisite attituden op it begryp fan it Frysk. Soks betsjut dat wat minsken net sizze, mar wol tinke oer it Frysk, wichtich is foar har begryp fan de taal: de ymplisite attitude foar it Frysk oer, dy't se net sa gau yn in enkête oan de iepenbierens priisjaan wolle.
Soe it dêrom gjin goed idee wêze om yn jo taalbelied gebrûk te meitsjen fan reseptive meartaligens? Wa't net yntrinsyk motivearre is, gjin gefoel hat by de taal, sil der net folle fan ferstean (wolle). Sadwaande soe it better wêze om earst yn byld te bringen wat de ymplisite taalattitude fan minsken is.
Jo kinne minsken ommers net twinge om logyske ferbannen tusken talen te sjen. Se moatte der earst wol even de lol fan ynsjen. Of better sein: se moatte dêrta faaks ferlaat wurde. De kampanje "Praat mar Frysk" soe sadwaande faaks in trochstart krije kinne ûnder in nije namme: "Hâld fan Frysk."