D66 Fryslân: "Kaag nimt ferantwurdlikens, sy kin troch mei formaasje"

D66 Fryslân stiet efter it beslút fan partijlieder Sigrid Kaag om op te stappen as demisjonêr minister fan Bûtenlânske Saken. Neffens foarsitter Raquel García Hermida-Van der Walle nimt sy har ferantwurdlikens. As it oan har leit, kin Kaag troch mei de formaasje en eventueel op in oare ministerspost yn in nij kabinet.
© ANP
De Twadde Keamer naam tongersdei in moasje fan ôfkarren oan, nei oanlieding fan de evakuaasje-operaasje yn Afganisten. Kaag luts sels har konklúzjes en stapte op. Kaag bliuwt fraksjefoarsitter fan D66 yn de Keamer. Yn dy rol giet sy ek troch mei it praten oer in nij kabinet.

Ferantwurdlikens

"Als het beleid wordt afgekeurd, dan moet een minister gaan. Dat waren ook haar woorden", sa seit de D66-foarsitter Raquel García Hermida fan De Gordyk.
Sy fynt dat Kaag wol sjen lit wat liederskip is. "Het is nooit leuk dat een minister moet aftreden, dat staat vast. Zij heeft zelf toegegeven dat er dingen mis zijn gegaan bij de evacuatie. Maar van fouten kun je leren. Die verantwoordelijkheid heeft zij genomen."

Konsistint west

Dat Kaag trochgiet mei it formearjen, fynt García in goed beslút. "Wij staan er achter om de formatie door te zetten. Er zijn op dit moment grote crises in Nederland en de wereld. Klimaat en woningnood kunnen niet wachten, net als een nieuwe bestuurscultuur. D66 is vanaf het begin van de formatie zijn we consistent geweest: we streven naar een zo progressief mogelijk kabinet."
Foarsitter Raquel García Hermida-Van der Walle fan D66 Fryslân
As it oan García persoanlik leit, soe Kaag wol wer minister yn in nij kabinet wurde kinne. "Het is niet aan mij om te zeggen, ook niet aan ons als fractie of bestuur. Maar ik vind persoonlijk dat ministers die moeten aftreden door een afgekeurd beleid, maar wel hun fouten toegeven en hun verantwoordelijkheid nemen, prima een andere ministerspost kunnen vervullen in de toekomst."
Raquel García Hermida-van der Walle © Omrop Fryslân, René Koster