MynSkip Feanwâlden bliid dat der wer praat wurdt mei it kolleezje

17 sep 2021 - 06:53

Hoewol't in útspraak troch de foarsjenningerjochter foarearst skorst is en gemeente Dantumadiel noch net fuort mei subsydzje hoecht te kommen, tinkt Stichting Doarpshûs MynSkip net dat it in grut ferlies is.

De Haadstrjitte yn Feanwâlden - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

"It is sa dat de gemeente efkes mear tiid krijt, mar de útspraak is skorst, net ferneatige", seit foarsitter Roel Dijkstra.

Feanwâlden is al sûnt 2003 dwaande om in doarpshûs te krijen. Earder like de stichting dêr subsydzje foar te krijen, mar de gemeente luts dy yn. De stichting fielde him it slachtoffer fan besunigingen en der waard in saak op tou set. De rjochtbank bepaalde dat de earder takende subsydzje ûnterjochte wegere wie, mar de foarsjenningerjochter is it dêr net mei iens.

Yn petear

It is in yngewikkelde kwestje, mar op dit stuit is de gemeenteried noch net oan set. De foarsjenningerjochter hat suggerearre dat it kolleezje en de Stichting Doarpshûs MynSkip wer yn oerlis gean, oant de útspraak yn it heger berop der leit.

"Wy moasten in sjenswize yntsjinje by de gemeente en de Ried fan Steat. Dêryn ha we derop oantrune om yn petear te gean. Dat is honorearre", leit foarsitter Dijkstra út. "Ik doar net te sizzen wat it opsmyt. Wy hawwe al lang net yn petear west, al hiene wy dat wol hope nei de útspraak fan de bestjoersrjochter."

Wethâlder Wiersma fan Dantumadiel seit dat er in jier lyn in oanbod dien hat oan de stichting om derút te komen. Hy is doe ek mei in foarstel foar kompensaasje kaam. Neffens Wiersma woe de stichting dêr net op yngean. De stichting is doe nei de rjochter stapt.

Op útspraak wachtsje

De kwestje is no yn ôfwachting fan de boaiemproseduere. Dijkstra: "Oars hie de gemeente op 28 septimber in beslissing nimme moatten, wylst rjochtlik noch net fêststiet dat de gemeenteried dêr wol it foech foar hat. Dus wy sille no op de útspraak wachtsje moatte."

Foarsitter Roel Dijkstra fan Stichting Doarpshûs Mynskip

Yn tuskentiid is de stichting sels ek oan it sjen nei watfoar mooglikheden der noch binne. "Wy binne ek yn petear mei Doarpswurk en mei de befolking. Dat proses giet troch."

Oare jildsjitters?

De opsje om jild te lienen foar it MFC leit ek noch op tafel. "Dat is yn novimber 2019 yn de ried ek al foarsteld as alternative oplossing. Wy koene ús dêr ek wol yn fine: dat de gemeente dan alle jierren in bedrach betellet dêr't wy dan wer de rinte en ôflossing fan betelje kinne", sa seit Dijkstra.

Mar foar oare jildsjitters is wol wissichheid nedich. "Jildsjitters wolle wol dat de gemeente ek in bydrage leveret."

Bliid mei dialooch

"Fansels wurde je wolris wat mismoedich", jout Dijkstra earlik oan. "As it yn 2019 nea bard wie, hie it doarpshûs der al stean kinnen. Mar wy tinke noch hieltyd dat Feanwâlden in doarpshûs hawwe moat, it leafst yn it sintrum. It kostet in soad tiid en enerzjy. Mar wy dogge it net foar ússels, mar foar it doarp. Dus wy hawwe noch hieltyd moed. Wy binne yn alle gefallen bliid dat wy yn dialooch geane."

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
(Advertinsje)
(Advertinsje)