Nei fjouwer wiken groei nimt tal besmettingen wer ôf

17 sep 2021 - 06:45

It tal coronabesmettingen yn Fryslân is nei fjouwer wiken fan groei yn de ôfrûne wike wer ôfnaam. Yn de ôfrûne wiken waarden der 877 besmettingen fêststeld. Yn de wike dêrfoar wiene dat der noch 988.

In coronatest wurdt ôfnommen by de testlokaasje yn Drylts - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Yn trochsneed gie it om 125 besmettingen deis yn de ôfrûne wike yn Fryslân, in wike earder wie dat 142.

De gemeente Ljouwert hie mei 156 registraasjes de measte besmettingen. Nei Ljouwert komme Hearrenfean (115) en Noardeast-Fryslân (97). De gemeenten Amelân en Flylân binne de iennige gemeenten dy't de hiele wike frijbleaune fan nije besmettingen.

Dantumadiel omrekkene de measte besmettingen

Op dit stuit is it tal besmettingen omrekkene nei it tal ynwenners yn de gemeente Dantumadiel it heechst. Dêr binne omrekkene 359 besmettingen op 100.000 ynwenners fêststeld. Dêrnei folgje Hearrenfean mei 228, Noardeast-Fryslân mei 214 en Opsterlân mei 165 besmettingen de 100.000 ynwenners.

Yn totaal sitte tolve Fryske gemeenten op mear as 100 besmettingen op 100.000 ynwenners.

Ien stjergefal, njoggen sikehûsopnamen

Yn de ôfrûne wike is der ien ynwenner fan Fryslân ferstoarn oan it coronafirus, in ynwenner fan Tytsjerksteradiel. Ferline wike wie der ek ien stjergefal.

Njoggen Friezen binne mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam. It giet om ynwenners fan de gemeenten Hearrenfean (2), Smellingerlân (2), De Fryske Marren, Ljouwert, Eaststellingwerf, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke (elts 1).

Tal sikehûsopnamen en stjergefallen de wike ûnder ynwenners fan Fryslân (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

Hast 53.000 Friezen hawwe corona hân

Mei de 877 testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 52.911 Friezen it coronafirus fêststeld.

It offisjele stjertesifer yn ferbân mei it firus yn de provinsje Fryslân stiet op 487. It echte tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net eltsenien test wurdt. Dêrom is net fal elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

Tal besmettingen en stjergefallen de wike

WIKE BESMETTINGEN STJERGEFALLEN
10 septimber - 16 septimber 877 1
3 septimber - 9 septimber 988 1
27 augustus - 2 septimber 755 0
20 augustus - 26 augustus 737 0
13 augustus - 19 augustus 547 1
6 augustus - 12 augustus 535 2
30 july - 5 augustus 589 2
23 july - 29 july 838 1
16 july - 22 july 1.471 1
9 july - 15 july 1.474 1
2 july - 8 july 232 0
25 juny - 1 july 69 1
18 juny - 24 juny 89 0
11 juny - 17 juny 136 1
4 juny - 10 juny 267 1
28 maaie - 3 juny 540 0
21 maaie - 27 maaie 674 2
14 maaie - 20 maaie 927 3
7 maaie - 13 maaie 1.129 3
30 april - 6 maaie 1.177 4
23 april - 29 april 1.358 4
16 april - 22 april 1.505 1
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
(Advertinsje)
(Advertinsje)