Gjin Friezen op it WK toulûken, mar âld-kampioene Maaike Hornstra is derby

16 sep 2021 - 22:00

Eartiids wie it WK toulûken it toaniel foar dominearjende Fryske ploegen, mar dy tiid hat west. It WK toulûken wurdt dit jier holden yn it Spaanske Getxo, yn de regio Baskelân. Hielendal sûnder Friezen is dat WK lykwols net: âld-wrâldkampioene toulûken Maaike Hornstra is der wol by.

Maaike Hornstra - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Hornstra sit yn it bestjoer fan de wrâldfederaasje fan it toulûken. By it WK is se kontroleur fan de ploegen: se moat der op tasjen dat de dielnimmers harren oan de covidregels hâlde.

"It protokol foar covid is superstrang, dus elk team, elk lân sit yn in bubbel", seit Hornstra. "As official sitte we ek yn in bubbel. We meie net minge mei minsken fan bûten. It is in hiele toer om dat fol te hâlden."

In hiel karwei

It WK soe ôfrûne jier plak fine, mar dat koe troch de coronapandemy net trochgean. It waard ferpleatst nei dit jier, mar der dogge no in stik minder teams mei yn ferliking mei oare jierren.

De Feriene Steaten dogge bygelyks net mei, en foar Ierlân is it dit jier de earste kear dat se net op it WK binne. "Foar de organisaasje hat it in hiel karwei west", seit Hornstra. "Mar de lannen en de teams dy't der binne, ha allegearre de muoite naam."

Gjin Friezen

Fryslân is ek al in skoft net mear fertsjinwurdige op it WK. "We moatte it no dwaan mei de teams út it easten en it westen fan Nederlân", seit de âld-wrâldkampioene.

It is sa as it is: yn Fryslân ha we keazen foar indoor.

Maaike Hornstra oer it ûntbrekken fan Fryske teams op it WK Toulûken

Sels wûn se op dit fjild trije kear goud, yn 1995. "Dus it hat foar my ek wol in spesjaal oantinken. Mar it is sa as it is: yn Fryslân ha we keazen foar indoor."

'Gjin plysjefrou'

Op dit WK sil se no dus yn de gaten hâlde oft de dielnimmers net stikem út de bubbel geane. "Mar ik ha al sein: 'ik bin gjin plysjefrou'. Ik sil jimme net oeral kontrolearjen", seit Hornstra. "Elkenien hat ek in eigen ferantwurdlikheid. We wolle allegearre in moai WK mei moaie wedstriden."

Maaike Hornstra oer it WK toulûken: ek dit jier gjin Fryske teams

Trefwurden: 
WK Maaike Hornstra toulûken
(Advertinsje)
(Advertinsje)