Friezen krimpe, mar binne noch hieltyd langste minsken fan de wrâld

17 sep 2021 - 06:44

Yn de ôfrûne iuw binne Friezen hieltyd langer wurden, mar yn de lêste jierren wurde se koarter. Fryske manlju fan 19 jier âld binne yn 2020 gemiddeld 185 sintimeter en froulju 171,3 sintimeter lang.

Hoe lang binne jo?

It docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) dy't freed ferskine.

Mei dizze lingte binne Friezen noch hieltyd folle langer as minsken út oare provinsjes en dêrmei ek de langste minsken fan de wrâld. Limboargers en Brabanners binne yn Nederlân it lytst. In gemiddelde Fryske man is 3,5 sintimeter grutter as in Limboarchske man. Ek yn Noard- en Súd-Hollân binne de ynwenners oan de lytse kant.

Foto: Shutterstock.com (Africa Studio)

Neffens de útkomsten fan it ûndersyk is de generaasje Friezen dy't berne binne yn 1980 it langst. As je dat ferlykje mei 2020 binne manlju no 3 sintimeter lytser en froulju hast 2,8 sintimeter lytser.

De delgong komt ûnder oare troch it gruttere oandiel fan minsken mei in migraasje-eftergrûn dy't hjir wenje en harren bern dy't hjir berne binne. Mar ek by bern mei Nederlânske âlden is in delgong te sjen.

Lingte fan Friezen troch de jierren hinne

Tiidrek
Manlju
Froulju
1930-1939 177 167,3
1940-1949 179,7 168,1
1950-1959 182,1 169,1
1960-1969 184,1 170,6
1970-1979 185,1 171,6
1980-1989 185,2 171,8
1990-1999 185 171,3
Trefwurden: 
CBS lingte
(Advertinsje)
(Advertinsje)