Gemeente Eaststellingwerf dielt kadobonnen út oan jongerein

16 sep 2021 - 19:39

Bern tusken de tolve en de santjin yn Eaststellingwerf krije in pear kadobonnen fan de gemeente. Se krije it kadootsje omdat se harren neffens de gemeente sa goed oanpast ha oan de coronamaatregels en alles wat dêr foar har achterwei kaam.

In oare kadobon - Foto: ANP

De bonnen hawwe in wearde fan 12,50 euro en wurde dizze wike ferstjoerd. De jongerein kin de bonnen oant en mei 1 desimber fersulverje by de ûndernimmers yn Eaststellingwerf. Op dy manier wurde dy ek wer stipe, is de gedachte.

De gemeente Eaststellingwerf wol de kommende tiid noch mear aksjes opsette foar minsken dy't rekke binne troch de coronakrisis.

(Advertinsje)
(Advertinsje)