Foar it earst yn twa jier wer krapte op Fryske arbeidsmerk

Foar it earst yn twa jier is der yn Fryslân sprake fan krapte op de arbeidsmerk. Der binne minder minsken dy't wurkleas binne en der steane mear fakatueres iepen as dat der minsken foar te finen binne.
© Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk
Ein augustus telde Fryslân 7.536 WW-útkearingen. Dat is 2,2 persint fan de Fryske beropsbefolking. It tal WW-útkearingen yn Fryslân naam yn augustus ôf mei 447 útkearingen. Dat is in ôfname fan 5,6 persint. Benammen yn de hoareka naam it tal útkearingen ôf.
De krapte op de arbeidsmerk jildt foar in hiel soad beropsgroepen, útsein foar de kreative en taalkundige beroppen, dêr binne mear minsken dy't in baan sykje as dat der wurk foar is. Dat jildt ek foar kommersjele pedagogyske beroppen.