138 nije coronabesmettingen, trije sikehûsopnamen

16 sep 2021 - 15:18

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 138 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne santjin mear as woansdei, doe waarden 121 besmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne der yn de ôfrûne wike alle dagen 125 besmettingen meld yn Fryslân. Woansdei lei dat trochsneed ek op 125, in wike lyn op 141.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne trije Friezen opnaam yn it sikehûs, dat giet om ynwenners fan De Fryske Marren, Smellingerlân en Waadhoeke.

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2.130. Yn trochsneed komme der de ôfrûne wike yn hiel Nederlân alle dagen 2.183 besmettingen by.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)