Schulting: "Weet nog niet of ik dit seizoen ook voor de langebaan ga"

16 sep 2021 - 15:14

Mar leafst sân Fryske shorttrackers meitsje dit seizoen kans op it heljen fan de Olympyske Winterspelen fan febrewaris 2022. Woansdei wie de seizoensôftraap by in sponsor yn Amsterdam.

De Fryske shorttrackers meitsje harren nije plannen bekend:

Fan dy seis is Suzanne Schulting eins al wis. Omdat se wrâldkampioen is, is se al wis fan dielname oan de Spelen. Mar wat se mei de langebaan dwaan sil, wit se noch net. "Op het moment dat we klaar zijn met plaatsing als land voor de Spelen, zeg ik: Oké, hoe sta ik ervoor op de langebaan? Wat voor trainingswedstrijden moet ik nog rijden? Hoe gaan die? Krijg ik er energie van?"

Dielname OKT langebaan noch net wis

Oft se it Olympysk Kwalifikaasje Toernoai tusken krysttiid en âld en nij wol ride sil, is se noch net wis. "Nou kijk, het NK en EK Shorttrack zit er dicht op. Als het tot gevolg heeft dat ik niet honderd procent het beste van mezelf kan laten zien, dan moet ik mezelf wel afvragen hoeveel zin het heeft eraan mee te doen."

Suzanne Schulting oer it kommende seizoen:

Sjinkie Knegt fielt him fysyk goed. "Hûndert prosint." Hy sjocht wol dat de konkurrinsje bot tanimt yn it Nederlânske team. "Normaal wie ik wol seker fan myn plak. Dat sil no oars wêze, mar dat mei ik wol lije."

Omdat der in soad jonge shorttrackers bykaam binne, lykas de bruorren Jens en Melle van 't Wout en Sven Roes, nimt de konkurrinsje bot ta. "De konkurrinsje yn de ploech is grutter as oait. Oars gong it om fiif of seis jonges, mar no binne it der tink ik wol alve. Mar dat makket it allinnich mar moai."

Sjinkie Knegt fielt him goed by mear konkurrinsje:

Daan Breeuwsma sjocht ek dat de konkurrinsje tanimt. Boppedat is hy mei syn 33 jier de âldste fan de ploech. Foar it EK fan ferline jier moast er syn plak ôfstean. "Mar op it WK wie ik der wer by en haw ik myn wearde wol sjen litten." Sterker noch: "Neffens my ried ik dêr myn beste rûntsjes. Ik haw myn wearde wol sjen litten. Dêrom fyn ik it ek sa leuk. Dit is ek net in jier om samar wat te dwaan of te probearjen."

Hoe kinst dy pleatse foar de Spelen?

Nederlân wit no noch net hoefolle dielnimmers oft it lân aanst nei de Spelen stjoere mei. Dat wurde fjouwer of fiif.

Yndividueel jildt: As Nederlân trije shorttrackers by de bêste 25 hat yn in klassemint nei de fjouwer wrâldbekers (en dan mei it minste resultaat ôflutsen wurde), gean foar elke ôfstân trije Nederlanners.

Foar de relay jildt: By de mixed-relay moat Nederlân by de bêste 12 einigje. By de relay foar froulju en manlju moat Nederlân nei fjouwer wrâldbekers by de bêste acht einigje.

Hokker shorttracker nei de Spelen giet, is noch net dúdlik. De ekstra kwalifikaasje-easken binne noch net wis, mar de kâns is grut dat ast in medalje hellest op ien fan de fjouwer wrâldbekers, datst dy dan ek pleatst. Allinnich Suzanne Schulting is al wis, omdat se wrâldkampioen is.

Daan syn freondinne Rianne de Vries is mei har 30 jier de ien-nei-âldste by de froulju. "Hast dit seizoen ien doel en dat binne de Spelen. En dy pleatse dêrfoar wurdt wol spannend. Ik bin lekker oan it riden en oant no ta kin ik allinnich mar sizze dat ik der alles oan dien haw."

Minne tarieding Itzhak de Laat

"Ik ben gewoon eerlijk. De afgelopen twee maanden ging het schaatsen niet zo lekker", seit Itzhak de Laat. De Ljouwerter makket him gjin soargen, mar de tarieding hie wol better kind. "Je wilt vooral in een seizoen als dit gewoon de beste zijn. Maar aan de andere kant, vaak als de grote wedstrijden eraan komen, sta ik er wel weer. Dan komt die wedstrijd-vibe en ben ik weer goed."

Skema

  • 1-3 oktober Invitation Cup, It Hearrenfean;
  • 21-24 oktober wrâldbeker 1 Beijing, Sina;
  • 28-31 oktober wrâldbeker 2 Nagoya, Japan;
  • 18-21 novimber wrâldbeter 3 Debrecen, Hongarije;
  • 25-28 novimber wrâldbeker 4 Dordrecht;
  • 2 jannewaris Nederlânsk Kampioenskip, Ljouwert;
  • 14-16 jannewaris Europeesk Kampioenskip, Dresden, Dútslân;
  • 4-20 febrewaris Olympyske Spelen, Beijing, Sina;
  • 18-20 maart Wrâldkampioenskip, Montreal, Kanada.
(Advertinsje)
(Advertinsje)