Kampanje foar Waadfûgels moat fersteuring foarkomme

16 sep 2021 - 13:55

Sân natuerorganisaasjes roppe mei de nije kampanje 'Wad doe jij?' de besikers fan it Waadgebiet op om rekken te hâlden mei fûgels. It giet net goed mei de Waadfûgels. Dêrom wolle de organisaasjes fersteuring safolle mooglik foarkomme.

Opfleanende fûgels op it Waad - Foto: Shutterstock.com (Art Wittingen)

De natuerorganisaasjes sjogge dat rekreanten faak fûgels opfleane litte. Dêr ferlieze de fûgels in soad enerzjy mei en dat makket de kâns op oerlibjen fan de tocht nei it suden lytser. Mei it de kampanje jouwe de organisaasjes konkrete tips: doch bygelyks de hûn oan de riem, meitsje net tefolle leven, bliuw op paden en komt net yn rêstgebieten.

De organisaasjes dêr't it om giet binne de Waadferiening, It Fryske Gea, Vogelbescherming Nederland, Natuurmonumenten, Staatsbosbeheer, Landschap Noord-Holland en Het Groninger Landschap. De kampanje falt binnen it programma 'Wij & Wadvogels.'

(Advertinsje)
(Advertinsje)