Wurkstraffen foar Boalserters dy't ynbrekke by jongereinsintrum

16 sep 2021 - 12:36

Twa Boalserters fan 20 en 21 jier binne feroardiele ta wurkstraffen foar it ynbrekken yn jongereinsintrum Afslag 18 yn Boalsert. By de âldste fertochte waard dêrnjonken ek noch yllegaal fjoerwurk yn de sliepkeamer fûn.

Afslag 18 yn Boalsert - Foto: Google Street View

De ynbraak wie yn de nacht fan 19 op 20 jannewaris. De Boalserters besochten in raam iepen te brekken. Der waard in laptop meinommen, dêrmei koe de plysje har frij maklik weromfine.

De 21-jierrige fertochte ûntkende by de ynbraak belutsen te wêzen, mar ûnder it bêd fan de persoan waard in brekizer fûn. De twa fertochten wennen by inoar yn.

De âldste fertochte hat in wurkstraf fan 200 oeren krigen en de jongste fertochte 100 oeren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)