Sa besykje learkrêften basisskoallebern it Frysk by te bringen

16 sep 2021 - 12:00

Learkrêften binne tige wichtich by it oerbringen fan de Fryske taal op harren learlingen. Allinnich praat net eltse learaar likegoed Frysk.

Sa besykje learkrêften basisskoallebern it Frysk by te bringen

Guon learkrêften behearskje it Frysk hielendal net en dan wurdt it jaan fan in goede Fryske les hiel dreech. Omrop Fryslân seach by in doarpsskoalle dêr't op in goede wize Frysk jûn wurdt en by in stêdsskoalle dêr't it Frysk foar de measte bern en guon leararen noch echt in frjemde taal is.

Yn in searje fan fjouwer beljochtet Omrop Fryslân dizze wike de stân fan saken yn it ûnderwiis fan de Fryske taal. Dit is it fjirde diel. Diel 1 is op moandei 13 septimber publisearre. De dielen 2 en 3 binne sûnt tiisdei 14 en woansdei 15 septimber te finen op ús webside en app.

Omrop Fryslân is ien fan de partners yn it Taalplan Frysk 2030. Sa makket Omrop Fryslân Tsjil (it eardere SkoalTV) de Tjits Floch. Alle dagen is it libben fan Tjits en har húshâlding te folgjen op YouTube en yn de Tsjil-app.

(Advertinsje)
(Advertinsje)