Troch plysje deasketten man is 28-jierrige ynwenner Boelensloane

De man, dy't yn de nacht fan woansdei op tongersdei troch de plysje deasketten waard yn Boelensloane, is in 28-jierrige man út dat plak.
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust oer de saak:
It sjitynsidint wie oan De Fjouwer Roeden yn Boelensloane. De automobilist negearre in stopteken by in ferkearskontrôle by Hurdegaryp. Dat wie tusken 01.15 en 01.45 oere. De man naaide mei hege snelheid út en de plysje sette mei ferskate plysjeweinen de efterfolging yn.

Op de plysje yn riden

Oan De Fjouwer Roeden yn Boelensloane kaam de auto ta stilstân. Doe't de plysjeminsken útstapten, sette de man de auto yn de fersnelling en ried op se yn. "De collega's voelden zich genoodzaakt om te schieten", seit plysjewurdfierder Robert Jan Valkema. Doe't se op de auto skeaten, waard ek de bestjoerder rekke.
De ryksresjerzje docht ûndersyk yn opdracht fan it Iepenbier Ministearje. Sawol it IM as de plysje wol op dit stuit fierder net reagearje op de saak.