Waadferiening tinkt hieltyd mear nei oer rjochtsaak tsjin mynbou op it Waad

16 sep 2021 - 07:46

Hoewol't demisjonêr minister Stef Blok net fan doel liket om it beslút oer gaswinning ûnder it Waad yn te lûken, tinkt de Waadferiening dochs dat it mooglik is. De druk op Blok is tanaam, sizze sy. Mar der wurdt serieus neitocht oer in rjochtsaak.

Demonstraasje tsjin de gaswinning by Ternaard - Foto: ANP

Troch de Twadde Keamer waard woansdei praat oer de gaswinplannen. Neffens Frank Petersen fan de Waadferiening wie de stipe fan de measte partijen tige opmoedigjend.

Petersen: "Er is maar één partij in de Tweede Kamer, vertegenwoordigd door Aukje de Vries uit Fryslân, die zegt dat het wel door kan gaan. Maar wij zien de steun groeien om de Waddenzee te beschermen. Het is mogelijk, denken wij."

Plannen meitsje foar rjochtsaak

Dochs moast ek de Waadferiening hearre dat minister Blok noch net yn beweging komt. "Het betekent dat we serieus na moeten denken over wat de best mogelijke rechtszaak is die we moeten voorbereiden. Is dat tegen minister Blok, of tegen de minister van Economische Zaken, tegen de minister van Natuur en Landbouw, tegen het bedrijf NAM, of tegen aandeelhouder Shell? Dat soort plannen moeten wij maken, en misschien ook wel heel snel."

Frank Petersen fan de Waadferiening (argyfbyld) - Foto: Omrop Fryslân

Sa'n rjochtsaak is net kânsleas, tinkt Petersen fan de Waadferiening. "Wij hebben niet voor niets met Milieudefensie een paar jaar geleden Shell voor de rechter gedaagd, om dat bedrijf te bewegen minder CO2 uit te stoten. Daarvan werd ook altijd van gezegd: het kan niet. Maar als de rechter zegt: het kan wel, en het móet, dan zie je dat er dingen veranderen."

Druk nimt ta

Wichtich is wol dat de druk op Blok en de NAM tanaam is. "We zien dat de oproep van de gemeente Noardeast-Fryslân en de provincie Fryslân duidelijk met ons aan de Tweede Kamer hebben gedaan, duidelijk is aangekomen. Dus in dat opzicht is de Waddenzee er iets mee opgeschoten", seit Petersen.

Moasje

Hy hopet dat de oare partijen mei in moasje komme, want ek sa'n oprop soe ynfloed hawwe kinne op it beslút fan it demisjonêre kabinet. "Zo'n motie kan een minister eigenlijk niet negeren, zeker als die een meerderheid heeft van regerende partijen. Ook al zijn ze demissionair."

(Advertinsje)
(Advertinsje)