Benefytstocht hellet jild op foar ynrinkafees fan De Skulp

In entûsjast team is drok yn it spier mei de tariedingen foar de Benefytstocht, kommende sneon. De opbringst fan de fytstocht giet nei De Skulp Friesland, in sintrum foar 'libje mei kanker'.
© Shutterstock.com (Glitterstudio)
"Wy sette ús yn foar De Skulp, sa't de ynrinhuzen bestean bliuwe kinne", leit Jouke de Vries fan de organisaasje út. "De Skulp moat it hawwe fan jeften, fûnsen en subsydzjes. De ynrinhuzen hawwe it dreech. Yn Fryslân rint it aardich, mar der is altyd jild wolkom."

Skulp-kafees

Der binne fjouwer Skulp-kafees yn Fryslân: op It Hearrenfean, yn Drachten, Snits en ynkoarten ek yn Ljouwert. Yn dizze Skulp-kafees kinne minsken in pear kear yn de wike prate mei lotgenoaten of mei in coach dy't goed harkje kin. "Je kinne efkes je ferhaal kwyt, soks is hiel wichtich."
Jouke de Vries, fan de organisaasje fan de Benefytstocht
It inisjatyf komt by Martha ten Hoeve fan Ketlik wei. "Earst wie it idee foar in gewoan fytstochtsje. Mar ik haw myn ûnderfining ynbrocht mei it fytsen foar Serious Request. Sadwaande is de fytstocht wat grutter wurden. Der rydt no in hiele karavaan omhinne."

Jild byinoar fytse

De organisaasje hopet safolle mooglik jild byinoar te fytsen. "Ik tink dat wy mei in jefte fan it Nationaal Fonds tegen Kanker grif op in 14-15.000 euro útkomme. Wat wy byinoar fytse, dat ferdûbelje sy oant 10.000 euro. Dat is in prachtich inisjatyf. It jout boppedat De Skulp noch wat mear bekendheid."
Alle jeften binne tige wolkom, seit De Vries. En wa't noch meifytse wol, kin him noch oant tongersdeitejûn opjaan fia de webside.