Plysje sjit bestjoerder dea yn Boelensloane nei ynriden op plysjemanlju

De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei in man deasketten dy't mei de auto ynried op twa plysjemanlju. It sjitynsidint wie oan De Fjouwer Roeden yn Boelensloane.
De plysje wie drok mei it ûndersyk oan De Fjouwer Roeden:
De automobilist negearre in stopteken by in ferkearskontrôle by Hurdegaryp. Dat wie tusken 01.15 en 01.45 oere. De man naaide mei hege snelheid út en de plysje sette mei ferskate plysjeweinen de efterfolging yn.

Op de plysje yn riden

Oan De Fjouwer Roeden yn Boelensloane kaam de auto ta stilstân. Doe't de plysjemanlju útstapten, sette de man de auto yn de fersnelling en ried op se yn.

Sketten

"De collega's voelden zich genoodzaakt om te schieten", seit plysjewurdfierder Robert Jan Valkema. Doe't se op de auto skeaten, waard ek de bestjoerder rekke. Dy rekke slim ferwûne. Helpferliening is ynskeakele, mar reanimaasje koe net foarkomme dat de man op it plak fan it ynsidint ferstoar. Neffens de plysje giet it om in ynwenner fan Fryslân.
Plysjewurdfierder Robert Jan Valkema
Neffens Valkema binne de plysjemanlju net ferwûne rekke. "De collega's zijn overgegaan naar het politiebureau. Daar zijn ze opgevangen." Wol hawwe in tal plysjeweinen skea oprûn.
Fan de lokaasje is in 'plaats delict' makke. De dyk is ôfsletten. De Ryksresjerzje is al oeren dwaande mei ûndersyk. Dêr wurdt ek in droneteam by ynset.
© Raymon Roersma / ProNews