Ferdieldens by hoareka-ûndernimmers oer coronacheck-app

De 'fersoepeling' yn de hoareka nei in folsleine besetting mei coronacheck, wurdt troch meardere hoareka-ûndernimmers net as sadanich beskôge.
Mient Mulder is hoareka-ûndernimmer. Hy seit: "Ik fyn dit eins net kinnen, it is foar ús hiel dreech om dit hanthavenje te kinnen. Ik sjoch it daliks barren dat minsken net folslein faksinearre binne, mar der dan bygelyks net útwolle. It is hielendal net wurkber."

"Wat in kolder"

Ek ûndernimmer Johan Tigchelaar fan Brasserie Kolkzicht yn it hert fan Surhústerfean is dúdlik. "As de oerheid my net útlizze kin wêrom't de app mei QR-koade sa wichtich is, dan hoech ik dêr earst ek gjin gebrûk fan te meitsjen. Wy wolle gastfrij wêze en hawwe hielendal gjin nocht oan diskusjes oer in QR-koade", fertelt Tigchelaar yn in telefoanyske taljochting oan RTV NOF.
Njonken de wiziging dy't it demisjonêre kabinet fan 25 septimber ôf yngean litte wol, is der foar de ynwenners yn de regio Noardeast-Fryslân noch in drompel. De Testen voor Toegang lokaasje dy't it tichtst by binne, binne yn Drachten, Ljouwert en Snits.