Fryske bioskoopfilm Stjer lûkt 3.000 besikers yn in wike tiid

De Fryske film Stjer hat yn sân dagen tiid mear as 3.000 minsken nei de bioskoop lutsen. Janko Krist, dy't de film mei sjonger Emiel fan De Hûnekop makke, is oerrompele troch it sukses.
Emiel Stoffers spilet de haadrol yn de film © Stjer
"Dit is ûnfoarstelber", seit Krist. "We hienen wol rekkene op freonen, famylje en hardcore Hûnekopfans, mar dat der binnen sân dagen 3.000 minsken nei de film gean soenen, dat hienen wy net ferwachte."

Goed foar de bierferkeap

Neffens Krist gie it benammen yn Ljouwert en Drachten mâl, mar ek yn oare plakken wie de film in sukses. "20 persint fan de omset yn It Hearrenfean is fan Stjer. Dat hat net allinnich mei de film te krijen, mar ek mei de bierferkeap. Dus it giet machtich."
De film waard ek al draaid yn Grins: "Dat wie ien grut feest mei allegear studinten dy't dêr kamen", seit Krist.

Undertiteling

"Yn Grins hawwe we it ûndertitele", giet Krist fierder. "We wolle no de wrâld feroverje fansels, dus dan moat der ûndertiteling by", laket er.
It soe dan ek samar ris kinne dat de film ek op oare plakken te sjen wêze sil. " Der binne wol partijen dêr't we kontakt mei hawwe, dy't op himsels wol entûsjast binne. Dus dat moatte we mar ôfwachtsje. Se sjogge fansels wol nei de besikersoantallen hjir yn Ljouwert en dan tinke se: wat bart dêr?"
Janko Krist oer it sukses: