Demisjonêr minister leit winsken Keamerkommisje njonken him del

15 sep 2021 - 20:03

Demisjonêr minister Stef Blok fan Ekonomyske Saken en Klimaat lei woansdei de winsk fan sân partijen yn de Twadde Keamer om it beslút oer gaswinning ûnder it Waad út te stellen njonken him del.

Ferslachjouwer Onno Falkena oer it debat:

It beslút fan de minister om mei te wurkjen oan gaswinning by Ternaard waard yn de Keamerkommisje allinnich stipe troch syn VVD-partijgenoate Aukje de Vries út Ljouwert.

Sy spruts, yn tsjinstelling ta alle oare partijen, har betrouwen út yn gaswinning neffens it 'hân-oan-de-kraanprinsipe'. Dit prinsipe hâldt yn dat by ûnferwachte skea of net winske effekten, lykas it fluch sakjen fan de boaiem, de gaswinning fuortendaliks stopset wurde kin.

"De natuur wordt er nooit beter van"

"Gaswinning in Nederland is duurzamer dan gas uit het buitenland importeren", sei de minister. "Wij moeten natuurlijk doorgaan met de energietransitie, maar voorlopig kunnen we nog lang niet zonder aardgas."

It argumint fan de minister dat hy fanwege de mynbouwet gjin oar beslút nimme kin, oertsjûge de Keamerkommisje net. "De minister kijkt zo lang naar wat hij niet kan, dat hij zijn zicht verliest op wat er wel kan", sei it yn Harns opgroeide Keamerlid Lammert van Raan. Hy hat de Harnzer ûnderfinings meinommen nei it Waad. "Of het nu gaswinning is of zoutwinning. De natuur wordt er nooit beter van en de bewoners trouwens ook niet."

Gjin twadde Grinslân

Raoul Boucke fan D66 frege de minister nei syn plannen om de natuer yn de Waadsee te ferbetterjen yn plak fan oan te taasten. De minister syn antwurd dat de boaiemdelgong 'erg beperkt' wêze sil, befredige de demokraat net.

Tegearre mei Sandra Beckerman (SP) kundige de demokraat in 'twa-minutendebat' oan mei moasjes om op dy wize de gaswinning ûnder it Waad op te kearen. "Fryslân moet geen tweede Groningen worden", sei Beckerman mei in ferwizing nei de grutte problemen troch ierdbevingen.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Njonken in polityk ferfolch yn de foarm fan in 'twa-minutendebat' kin de diskusje ek noch in juridysk sturtsje krije. Direkteur Lutz Jacobi fan de Waadferiening sei krekt foar de gearkomste dat de feriening nei de rjochter stapt as Blok syn plannen dochs trochset.

"Dat mogen ze proberen", sei er kalm, "maar ik acht de kans op succes erg beperkt." Blok wiisde de Keamerkommisje op in neffens him folle grutter gefaar. As hy wegerje soe om mei te wurkjen oan de fergunning foar de NAM sûnder 'juridische gronden', is de kâns grut dat it bedriuw in skeaclaim yntsjinnet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)