Tydlike hierders sloophuzen De Lemmer aanst op strjitte

15 sep 2021 - 18:16

Tsientallen bewenners fan de Suderseestrjitte op De Lemmer moatte der oer twa wiken út, omdat har huzen sloopt wurde sille.

De tydlike hierders krije stipe fan riedslid Rinze Visser (NCPN):

De bewenners witte dat de huzen sloopt wurde en in grutte groep hat wol oar plak. Mar it slagget guon fan de tydlike hierders net om foar 29 septimber wat oars te finen. It wie al út need dat se hjir fia behearder Carex in tydlik kontrakt tekenen.

Yn de stront

"Ik moat nei famylje en freonen en ik sla myn guod op", lit in bewenner witte, dy't leaver anonym bliuwt, om't er benaud is om op in swarte list te kommen. "Ik sit ta de nekke yn de stront, om it sa mar te sizzen. It smyt in soad stress op en ik sliep hjir nachts hiel min fan. Lit ús hjir asjebleaft wenje oant we wat oars hawwe."

De bewenners krije stipe fan riedslid Rinze Visser fan de NCPN. Dy hat in brânbrief oan it kolleezje fan B en W stjoerd, want de need is grut.

"Oer twa wiken moatte der tsientallen minsken har hûs út. It grutste part hat hielendal gjin sicht op ferfangende húsfêsting. Dus komme se op strjitte te stean of se wurde oerlevere oan húskemelkers. Dat wurdt in grut probleem."

"Stel de sloop út"

It kolleezje is wiisd op har ferantwurdlikens foar de húsfêsting. As der gjin oplossing komt, dan moat de sloop mar útsteld wurde, sa fynt Visser.

In pear jier lyn is de sloop útsteld, omdat der flearmûzen foarkamen yn de strjitte. "Ik ha der neat op tsjin dat je foar de bisten opkomme", seit Visser. "Der binne wetten en sels partijen om de bisten te beskermjen. Mar wa kiest der no partij foar dizze minsken?" Sa wurdt der yn de brânbrief frege.

Wethâlder Jos Boerland fan De Fryske Marren jout oan yn petear te wêzen mei wenningkorporaasje Dynhus. Hy wol noch net oanjaan oft de sloop fan de huzen oan de Suderseestrjitte útsteld wurde sil.

Ferslachjouwer Ronnie Porte yn petear mei belutsenen

(Advertinsje)
(Advertinsje)