Earste dagen foar Kerstin Casparij by Nederlânsk alvetal: "Heel bijzonder en leuk"

Dat fuotbalster Kerstin Casparij fan It Hearrenfean oan de wei timmeret, falt no ek op yn Zeist. Se debutearret yn de seleksje fan it Nederlânsk alvetal en trainde de ôfrûne dagen foar it earst mei.
© Orange Pictures
It binne drokke wiken foar Casparij. Ferline wike spile se noch mei har klup FC Twente tsjin Benfica yn Lissabon yn de foarronde fan de Champions League. Dêr noch mar krekt fan bekaam, stiet de folgjende útdaging foar de doar: foar it earst meitraine by Oranje.
Se stie op de standby-list fan de KNVB en krige ynienen in seintsje dat se har melde moast. "Ik had het niet verwacht, omdat het ook op het laatste moment was. Het was wel een verrassing, maar wel een hele leuke verrassing moet ik zeggen", fertelt Casparij nei har earste trainingen op de KNVB Campus yn Zeist.
De training ûnder lieding fan bûnscoach Mark Parsons © Orange Pictures
Moandei moast se har dêr melde. Hoe wurket dat? "Ik was van tevoren al helemaal ingelicht, dus ik wist precies waar ik naartoe moest. Dan kom je binnen, geef je iedereen netjes een handje", jout Casparij in ynsjoch. "Dan pak je je spullen, ga je naar je kamer, kleed je je om en dan ga je de meiden leren kennen. Heel bijzonder en leuk!"
Met de zenuwen viel het gelukkig mee.
Kerstin Casparij traint foar it earst mei wrâldtoppers as Miedema, Martens en Spitse
De 21-jierrige Casparij spile al wol by de nasjonale jeugdseleksjes, mar ta in oprop foar it 'grutte' Oranje kaam it noch net earder. En dus stiet se no foar it earst op in fjild mei wrâldtoppers as Vivianne Miedema, Lieke Martens en Sherida Spitse. "Ik had er vooral heel veel zin in om met die meiden te kunnen trainen en ze te leren kennen. Met de zenuwen viel het gelukkig mee."
Freed spilet Nederlân foar de WK-kwalifikaasje tsjin Tsjechië en tiisdei is Yslân de folgjende tsjinstanner. It ferhaal soe fansels nóch moaier wurde as Casparij dan ek debutearret. Mar dêr giet se net fanút. "Ik verwacht niet te veel. Ik ga er eigenlijk van uit dat ik niet zal gaan spelen. Speelminuten zouden een bonus zijn."
Beharkje hjir de reportaazje fan sportferslachjouwer Andor Faber