Warkumer toer hat nei iuwen in tredde klok: "Lang gewacht, maar toch gekomen"

15 sep 2021 - 16:57

It hat ferskate iuwen duorre, mar de tsjerketoer fan de Gertrudis oan de Merk yn Warkum hat no trije klokken yn stee fan twa. Doe't de toer boud waard, wie boppe-yn al romte makke foar trije klokken. Mar dy tredde klok kaam der noait, oant no ta.

Klok Geartrui lang om let te plak:

Se binne yn Warkum tige wiis mei de komst fan Geartrui, sa as de tredde klok hjit. "Hoe faak meitsje je no mei dat der in nije klok yn de toer brocht wurdt? En ek noch in klok dêr't je 400 jier op wachte ha. It is hiel spesjaal", seit Harm Haitsma fan de monumintestichting yn de gemeente Súdwest-Fryslân. "Lang gewacht, maar toch gekomen", seit Hans Boekhoven fan deselde stichting.

Neffens Haitsma wie it eartiids djoer om in klok te meitsjen en hiene se der doe nei alle gedachten net genôch sinten foar. Yn 'e rin fan de tiid is de tredde klok der by bleaun, oant Warkumer Henk de Haas yn aksje kaam.

Foto: Omrop Fryslân

Mei de Stichting tot behoud van monumenten in de gemeente Súdwest-Fryslân hat er regele dat de nije klok yn Dútslân getten is. De klok wie in jier ferlyn al klear, mar troch corona koe er net maklik de grins oer. No hinget Geartrui dan lang om let boppe-yn de toer.

De klok wurdt takom wike tongersdei offisjeel ynlet troch kommissaris fan de Kening Arno Brok.

Harm Haitsma

Trefwurden: 
Warkum klok toer
(Advertinsje)
(Advertinsje)