RIVM meldt 121 nije coronabesmettingen

15 sep 2021 - 15:27

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 121 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne 26 mear as tiisdei, doe waarden 95 besmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne der yn de ôfrûne wike alle dagen 125 besmettingen meld yn Fryslân. Tiisdei lei dat trochsneed op 127.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne twa Friezen opnaam yn it sikehûs.

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2.402. Gemiddeld komme der de ôfrûne wike yn hiel Nederlân alle dagen 2.220 besmettingen by.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)