Psycholooch tipt oer loslitten oardel meter: "Kijk wat een ander wil"

15 sep 2021 - 12:44

No't de oardel meter loslitten wurdt, komt in ein oan de perioade fan ôfstân tusken minsken. Wat hat dy ôfstân mei ús dien? Binne we klear foar de oanpassing of fine we it eins wol prima sa?

Psycholooch Irma van Steijn oer it loslitten oardel meter:

Guon fûnen de ôfstân noflik, oaren fûnen it swier. "Voor een groep gaf het veel rust en veiligheid, maar bij een andere groep zorgde het juist voor veel verdriet, pijn en eenzaamheid", seit psycholooch Irma van Steijn.

"Als je midden in het leven staat, je hebt een baan en een gezin, dan valt het bij de meeste mensen wel mee. Maar als je alleen bent, wat ouder en je kinderen komen niet op bezoek, dan zijn die gevolgen wel groot. Die groep heeft eronder geleden en is ook ongezonder en ongelukkiger geworden."

Ek de ynfloed op jongeren wie grut. "Bij studenten die alleen op hun kamer zaten en geen contact hadden met andere studenten, heb ik depressies zien ontstaan."

Minsken hâlde har al net mear oan de oardel meter

It falt de psycholooch op dat in soad minsken har al langer net mear hâlde oan de oardel meter. "Sommigen zullen het fijn vinden als de afstand vervalt, maar anderen zullen het afschuwelijk vinden en zullen afstand willen houden."

Se foarsjocht dat it foar lestige sitewaasjes soargje sil yn de ynteraksje. "Dat wordt een uitdaging: hoe ga je met elkaar om, kun je accepteren dat iemand er anders in staat. Kun je onderhandelen over hoe je dat gaat doen."

Irma van Steijn - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Ut it perspektyf fan har berop wei jout se oan tsjin de ferplichte coronapas foar ûnder oare de hoareka te wêzen. "Door de verplichting maak je een groep boos, ze voelen zich geschoffeerd en voelen zich verplicht om zich te laten vaccineren of testen."

We zien relaties knallen en dat families niet meer met elkaar overweg kunnen.

Irma van Steijn

De leveret tsjinstellingen yn de maatskippij op en dat komt se ek alle dagen tsjin yn har sprekkeamer. "De polarisatie wordt steeds groter. We zien relaties knallen en dat families niet meer met elkaar overweg kunnen. Je ziet het op de werkplek gebeuren. Ik vind het een drama."

Tolerânsje as tip

We sille ús dêr in paad yn fine moatte. Se ropt op ta tolerânsje en hat in tip. "Kijk wat een ander wil. Ga een ander niet overtuigen. Pas je aan. Hou het alsjeblieft een beetje prettig en waardevol. Ga niet vechten."

Psycholooch Irma van Steijn

(Advertinsje)
(Advertinsje)