Skoalstipers helpe skoallen by it heljen fan kearndoelen foar it Frysk

15 sep 2021 - 12:03

It Frysk moat yn 2030 in struktureel plak ha yn it ûnderwiis. Alteast, dat wol de provinsje. Om dat doel te berikken sille skoalstipers oan de slach om skoallen op it goede spoar te setten.

In learkrêft besjocht it lesmateriaal dat in skoalstiper har advisearre hat - Foto: Omrop Fryslân, Arjen Visser

Dat der noch wol it nedige barre moat, stiet fêst: in protte skoallen yn Fryslân hawwe de Fryske les nammentlik noch net op oarder. De skoalstipers moatte der mei foar soargje dat dat probleem sa gau mooglik oplost wurdt, om uterlik yn 2030 in lesoanbod te realisearjen wêrmei't alle kearndoelen om it Frysk hinne helle wurde.

Yn in searje fan fjouwer parten beljochtet Omrop Fryslân dizze wike de stân fan saken yn it Fryske taalûnderwiis. Dit is it tredde part. It earste diel is op moandei 13 septimber publisearre, it twadde op tiisdei 14 septimber. It fjirde part is tongersdei 16 septimber te finen op ús webside en app.

Skoalstipers wurde oan in skoalle keppele en troch mei it skoalbestjoer en learkrêften yn petear te gean, wurdt it foar de skoalstiper dúdlik hokker problemen der binne by it Frysk op in skoalle en wat der al goed giet.

Dorien Hamstra fan ûnderwiisorganisaasje Cedin is sa'n skoalstiper. Se is ûnder oare keppele oan OBS Wynwizer yn Ljouwert.

Omrop Fryslân mocht mei Dorien Hamstra mei op skoalbesite by de Wynwizer. Harkje hjir nei de reportaazje:

In moarn op paad mei skoalstiper Dorien Hamstra

Neffens Nynke Anna Varkevisser, ûndersiker by it Lektoraat Meartaligens fan NHL Stenden yn Ljouwert en koördinator fan de skoalstipers moat it wol út de skoallen sels komme.

"Skoalstipers sjogge nei wat in skoalle al docht en wêr't se nei ta wolle. In skoalstiper kin dêrop ynspylje troch bygelyks in lesmetoade of oar materiaal oan te dragen." Mei skoalbesites en fuortgongspetearen wurdt byholden oft in skoalle foarút giet.

Oanbod, gjin útstreamnivo

Hamstra tinkt dat it foar de measte skoallen dan hielendal gjin probleem hoecht te wêzen om de ambysjes fan de provinsje te heljen.

"It giet om oanbod. Bern hoege net in bepaald útstreamnivo te hawwen. As je hieltyd lytse stapkes meitsje en oanslute by wat in skoalle dochs al docht, dan is it te heljen. Njonken projekten kin it Frysk fansels ek in yntegraal ûnderdiel fan it ûnderwiis wêze."

Omrop Fryslân is ien fan de partners yn it Taalplan Frysk 2030. Sa makket Omrop Fryslân Tsjil (it eardere SkoalTV) de Tjits Floch. Alle dagen is it libben fan Tjits en har húshâlding te folgjen op YouTube en yn de Tsjil-app.

(Advertinsje)
(Advertinsje)