Wynmûnen Nij Hiddum-Houw te keap: Wetterskip en Súdwest-Fryslân sjogge kânsen

De gemeente Súdwest-Fryslân en Wetterskip Fryslân ûndersykje oft se meidwaan kinne oan it wynmûnepark Nij Hiddum-Houw. Eigener Vattenfall wol fjouwer fan de njoggen mûnen dy't yn oanbou binne, ferkeapje.
© Omrop Fryslân
Foar de gemeente en it wetterskip soe dat kânsen biede om in grut part fan har enerzjyferbrûk duorsum op te wekjen. Ek kin dan de opbringst yn de regio bliuwe en soene ynwenners mei profitearje kinne.
Se wolle yn petear mei omwenners fan it wynpark, om de lusten en lêsten fan in eventuele oankeap fan wynmûnen yn kaart te bringen. It wynpark yn oanbou bestiet út njoggen wynturbines fan 188 meter heech, by Wûns, Surch en Koarnwert.

Enerzjyneutraal is it doel

"Allinnich al mei twa fan dizze mûnen kinne wij de stap nei 100% eigen produksje meitsje. Dy mooglikheid wolle wy graach ûndersykje", seit deistich bestjoerder Annet van der Hoek fan Wetterskip Fryslân.
It wetterskip wol yn 2025 enerzjyneutraal wêze. Op it stuit wekket it wetterskip 30 prosint fan syn enerzjyferbrûk duorsum op mei sinnepanielen. Ek produsearret it biogas by guon rioelwettersuveringen.
Mei 27 rioelwettersuveringen en hast 1.000 gemalen ferbrûkt Wetterskip Fryslân relatyf in soad stroom. Dêrom wol it sjen nei it besparjen fan enerzjy en it duorsumer opwekjen derfan.
Hoe heech wurdt in mûne yn it park Nij Hiddum-Houw? © Omrop Fryslân
De komst fan it wynpark Nij Hiddum-Houw is al jierren omstriden, mar yn jannewaris 2020 joech de Raad van State grien ljocht foar de bou. Alle beswieren fan omwenners, de Waadferiening en de stichting Hou Friesland Mooi waarden ôfwiisd troch de Raad van State.