Lichem dat fûn waard op Lauwersmar is fan fermiste man út Noardeast-Fryslân

15 sep 2021 - 20:15

It lichem dat woansdei by de Lauwersmar fûn waard, is fan de 54-jierrige man út Noardeast-Fryslân dy't sûnt tiisdei fermist waard. Dat meldt de plysje.

Lichem fûn by syktocht op Lauwersmar nei fermiste man út Noardeast-Fryslân

Hoe't de man yn it wetter rekke is, is net dúdlik. Neffens de plysje is der gjin sprake fan in misdriuw.

Doe't de Kustwacht gjin kontakt krije koe, binne helptsjinsten yn aksje kaam. Under oare mei helikopters, in fleantúch en in sonarboat waard nei de man socht.

Foar de syktocht nei de man sette de plysje ek dûkers yn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)