De Tiid yn Boalsert krijt 'LF2028'-jild foar mienskip-útstallingsromte

15 sep 2021 - 10:47

Kultuerhistoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert wint de LF2028-priis foar de 'Mienskip-útstallingsromte.' Dêr heart in bedrach by fan 2028 euro, dat bedoeld is as oanmoedigingspriis.

Foto: Omrop Fryslân, Earryt Sijens

De Mienskip-útstallingsromte wurdt brûkt foar it fertellen fan ferhalen út 'e eigen mienskip, yn 'e foarm fan leechdrompelige en lytsskalige eksposysjes.

De Tiid yn it âlde stedhûs fan Boalsert is ferline wike offisjeel iepene troch kening Willem-Alexander. It sintrum jout ûnderdak oan in museum, argyf, gemeenteloket, biblioteek en in kafee.

Deputearre Sander de Rouwe oerlanget de sjek oan direkteur Pascal Arts fan De Tiid - Foto: Provinsje Fryslân

Ut fjouwer oare regio's binne ek priiswinners keazen.

Yn noardeast giet jild nei it projekt 'Geef kleur aan je toekomst' foar in kleurryk graffity muorrekeunstwurk yn Gerkeskleaster. Yn noardwest krijt de Boetiek Heechterp-Schieringen yn Ljouwert stipe. Foar it Waad krijt Flylân jild foar de 'waterroute' en yn súdeast giet jild nei bernebuorkerij de Naturij yn Drachten.

Trefwurden: 
De Tiid LF2028-priis
(Advertinsje)
(Advertinsje)