Goud foar Manon Kamminga op EK

Manon Kamminga (argyffoto) © awfoto.nl
Manon Kamminga hat op it Europeesk kampioenskip skeelerjen op de baan opnij goud wûn op de 1000 meter. Ferline jier die se dat yn Heerde, no yn it Hongaarske Szeged. De 20-jierrige ynwenster fan It Hearrenfean wie krekt op tiid better fan in knibbelblessuere. Se fersloech de Italiaanske froulju Francesca Lollobrigida en sprintkampioene Erika Zanetti.
Mark Horsten fan Drachten helle op deselde ôfstân in brûnzen medalje. Yn de lêste bocht gongen de Italianen Lorenzo Cassioli en Fabio Francolini binnentroch en waarden sa ien en twa.