PC wol kaartferkeap feroarje

It bestjoer fan de PC yn Frjentsjer besiket de kaartferkeap te feroarjen. Alle tribuneplakken foar it keatstoernoai fan kommende woansdei binne útferkocht, mar op ynternet binne noch in soad kaarten te krijen. Nei alle gedachten giet it hjir om keatsleafhawwers dy't kaarten oanbiede, omdat se sels ekstra kocht ha om wis te wêzen fan in plak.
De PC wol no net mear meardere kaartsjes op ien adres ferkeapje en siket nei mooglikheden om de ferkeap te ferbetterjen. Der binne noch wol kaarten te keap foar om it fjild hinne.