Undersyk nei Q-koarts Fryslân

25 jul 2012 - 19:29

It tal meldingen fan Q-koarts yn Fryslân nimt de lêste tiid ta. De GGD en de Nieuwe Voedsel en Warenautoriteit dogge dêrom ûndersyk nei hoe't dat kin.

Gewoanwei krijt de GGD Fryslân sa'n trije meldingen yn it jier fan Q-koarts. Op dit stuit binne der alve pasjinten mei de sykte. Fjouwer dêrfan komme út Drachten of omjouwing. Der is yn Fryslân noch gjin boarne fûn fan de Q-koarts. Dat soe betsjutte kinne dat de pasjinten de sykte yn Fryslân of earne oars oprûn ha.

Q-koarts is in ynfeksjesykte dy't fan bisten oergean kin op minsken. Yn Nederlân binne foaral besmette melkgeiten en melkskiep de boarne fan de sykte by minsken.

Trefwurden: 
ûndersyk GGD Q-koarts
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)