Pas op foar de sinnekracht

25 jul 2012 - 17:22

Mei in sinnekracht fan 7 is it woansdei en de kommende dagen gefaarlik om te lang ûnbeskerme yn de sinne te sitten. De GGD komt dêrom mei in warskôging op de website. Minsken moatte har goed ynsmarre, net yn de sinne komme tusken tolve oere en trije oere middeis en men moat genôch wetter drinke. Neffens de GGD binne de tips noch altiten nedich omdat in soad minsken har neat oanlûke fan de tips.

Mei dizze sterke sinne is de kâns op it ferbrânen fan de hûd grut. Hjirmei nimt de kâns op hûdkanker ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)