Brân yn hok mei boeken It Fean
Der hat woansdeitemiddei brân west yn in houten hok oan it Kattebos op It Hearrenfean. Dêrby is asbest frijkaam, mar dat levere gjin gefaar op foar de folkssûnens. Yn it hokje leinen boeken opslein, dat soarge foar de nedige reekûntwikkeling.
De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle.