Drachtster learaar mei bliuwe

25 jul 2012 - 16:12

Hans Reijgersberg, de learaar fan it Drachtster Lyceum dy't in pear wike lyn dien krigen hat, krijt dochs gjin ûntslach. Hy hat in oanbod krigen om oan it wurk te gean op de lokaasje yn Burgum. Dêrneist bliuwt hy gewoan oan it wurk by de NHL yn Ljouwert. Hy wurket hjir sûnt febrewaris op de learare-oplieding. Reijgersberg sit al in pear wike thús. De direksje fan it Lyceum seit net mear mei him wurkje te kinnen, om't hy him net oan de regels hold.

De populêre learaar sjocht de oerstap nei Burgum net sitten, hy wol leaver yn Drachten bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)