Twadde Keamer bepraat gas- en sâltwinning ûnder it Waad

It is in spannende dei foar Ternaard en leafhawwers fan de Waadsee. De Twadde Keamer bepraat de plannen foar gas- en sâltwinning ûnder it Waad. GrienLinks, PvdA, SP en Partij voor de Dieren sille besykje om de minister te twingen om werom te kommen op syn beslút om gas ûnder de Waadsee te winnen.
De Waadsee by Ternaard © ANP
De Twadde Keamer praat oer it beslút fan demisjonêr minister Stef Blok fan Ekonomyske Saken om mei te wurkjen oan it winnen fan 4 miljard kubike meter gas ûnder de Waadsee út Ternaard wei. De minister hat syn beslút moandei noch taljochte yn Ternaard en doe ek sein: 'bêste minsken, ik kin net oars, ik haw gjin arguminten om de fergunning te wegerjen en ik moat my as minister oan de wet hâlde.'
Ferslachjouwer Onno Falkena sjocht fêst foarút:
Hoe sinfol is it debat, de minister sei dat er net oars kin, dan binne je dochs útpraat?
"De minister hie it moandei sels oer 'it earlike ferhaal', de Mynbouwet jout neffens him gjin oare mooglikheid as meiwurkje oan gaswinning. Mar de Waadsee is in natuergebiet en falt dêrmei ek ûnder de wet Natuurbescherming. Dy wet biedt mooglikheden om tastimming foar gaswinning út te stellen of sels te wegerjen. In partij as GrienLinks sil dit argumint ek seker ynbringe en de miening ferkundigje dat de Wet Natuurbescherming wichtiger is as de Mynbouwet. Of minister Blok dat mei harren iens is, is fansels mar hiel bot de fraach."
Fan de partijen oan de linkerkant is dúdlik dat se tsjin gaswinning ûnder it Waad binne, mar dêrmei is der noch gjin mearderheid. Yn Fryslân binne partijen as CDA en D66 ek tsjin. Hoe leit dat yn de Twadde Keamer?
"D66 is hiel dúdlik. Dy partij is tsjin gaswinning ûnder it Waad en bringt ek noch oare arguminten yn. D66 wol bot ynsette op enerzjytransysje en duorsumens. As je dat wolle, dan is it winnen fan gas ûnder in natuergebiet tsjinstridich belied. Je jouwe dan as oerheid net it goede foarbyld. D66 mei dan wol koälysjepartijpartner wêze yn it demisjonêre kabinet, se stean seker net achter it beslút fan Blok en sille besykje om de gaswinning tsjin te hâlden."
De NAM hat de fergunning foar it winnen fan it gas oanfrege. Se hâlde har hiel stil yn de politike diskusje fan no, mar wêrom fine sy it sa wichtich om dy 4 miljard kubike meter gas ûnder it Waad wei te heljen?
"It ferneamde Grinslanner gasfjild ûnder de doarpen Loppersum en Slochteren - it gasfjild dat foar al dy ierdbevingen en oare problemen soarge - giet takom jier definityf ticht. Sûnt de gaswinning dêr definityf ôfboud wurdt, is de NAM dwaande om yn heech tempo it gas út tsientallen lytsere fjilden te heljen. Se dogge dat ûnder it motto 'betrouwbaar en betaalbaar'. Foar dit gas binne je net ôfhinklik fan Ruslân of oare lannen. Der is noch hieltyd in soad fraach nei gas yn Nederlân en dêr wol de NAM graach oan foldwaan.
Fan al dy lytsere gasfjilden is dat by Ternaard wol ien fan de gruttere. Neffens amtners op it ministearje fan Ekonomyske Saken kin dit gasfjild op termyn wol 10 persint fan de Nederlânske produksje leverje. It giet dus om grutte ekonomyske en finansjele belangen."
It giet dus om de klassike tsjinstelling tusken natuer en ekonomy. We ha de ôfrûne wiken sjen kinnen dat it ferset tsjin gaswinning bot tanimt. De UNESCO neamt gaswinning ûnder it Waad sels 'immoreel'. Wat is nedich om Blok fan miening feroarje te litten?
"De minister syn stânpunt stiet sa fêst as in hûs. Dat betsjut dat de Twadde Keamer mei in saneamd 'polityk feit' komme moat, om de minister yn beweging te krijen. As der bygelyks in moasje komt foar fierder útstel - dat wie in foarstel fan CDA-Fryslân - en in mearderheid fan de Keamer stiet dêr achter, dan sil de minister dêr dochs nei sjen moatte. Mar de politike partijen dy't kritysk binne, sille it dan wol iens wurde moatte oer ien mienskiplike moasje. It sil pas yn 'e rin fan it keamerdebat dúdlik wurde, oft dat der ek yn sit."
Blok is oant no ta hiel fêsthâldend. It kabinet is al demisjonêr en kin net nochris fuortstjoerd wurde. As Blok gewoan trochset, is it dan 'einde oefening' foar alle aksjefierders tsjin de gaswinning?
"Ik tink it net. Ik gean der fan út dat de Waadferiening fan Lutz Jacobi dan hiel gau nei de rjochter stappe sil om te besykjen om de gaswinning ûnder it Waad te ferbieden. We krije yn dat gefal nei de politike ek in juridyske striid oer de gaswinning ûnder it Waad."
De start fan de demonstraasje tsjin gaswinning yn Ternaard © Omrop Fryslân