Grutte sykaksje nei fermiste man op Lauwersmar

15 sep 2021 - 07:33

De plysje hat tiisdeitejûn in grutte sykaksje nei in fermiste man op de Lauwersmar op tou set. Der wie in sylboat sûnder opfarrende oantroffen.

Mei in helikopter is socht - Foto: Noordernieuws

Doe't de Kustwacht gjin kontakt krije koe, binne helptsjinsten yn aksje kaam. De KNRM gie mei trije boaten de Lauwersmar op, twa helikopters (fan de SAR en Definsje) binne ynset en ek de sonarboat fan de brânwacht fan Zoutkamp. Ek in fleantúch fan de Kustwacht hat letter op de jûn noch boppe it sykgebiet flein.

Yn de boat leinen wol klean fan de man. Mooglik is er by it swimmen fermist rekke.

Mei de sykaksje is tiisdeitejûn ophâlden. Woansdei wurdt wer fierder socht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)