Gemeente Harns bringt âlde steechnammen werom yn de stêd

15 sep 2021 - 06:58

De Drie Roemersteeg, Zeepaardsteeg en Pothondjessteeg binne foarbylden fan stegen yn Harns dy't yn de ôfrûne tiid har namme 'weromkrigen' hawwe. Gemeente Harns en feriening Oud Harlingen helje hjirmei in soad âlde ferhalen boppe wetter.

It nijste buordsje oan de Bedelaarssteeg mei wethâlder Erik de groot en omwenners Conny en Louis de Wagenaar - Foto: Ubbo Posthuma

Sûnt ferline wike hat de Bedelaarssteeg fan Harns wer in strjitnambuordsje. It is dêrmei de meast resinte steech dy't wer in namme krigen hat yn de binnenstêd fan Harns. It oarspronklike buordsje is desennia lyn ferdwûn, mar mei op fersyk fan de hjoeddeiske omwenners is der wer in nambuordsje pleatst.

Op dizze wize hawwe yntusken 23 stegen yn Harns wer in namme krigen. It inisjatyf foar dit projekt komt by in gearwurking tusken de gemeente en feriening Oud Harlingen wei. Yn 2017 hat de earste steech in buordsje krigen.

Kultuerwethâlder Erik de Groot mocht it buordsje oan de Bedelaarssteeg ûntbleatsje. "De werkgroep Oud Harlingen is er wel een aantal jaren mee bezig geweest. Archiefonderzoek kost veel tijd." Hy fynt net inkeld de nammen moai, mar benammen ek de ferhalen achter de stegen. "Je gaat terug in de tijd." De reaksjes op de buordsjes binne posityf. "Harlingers zijn trots op hun stad."

Wethâlder Erik de Groot

Skiednisleafhawwers fan de feriening hiene de winsk om de nammeleaze stegen wer fan in namme te foarsjen. Dêrfoar hawwe se al in soad ûndersyk dien. In spesjale wurkgroep hat dêrfoar bygelyks âlde proklamaasjeboeken troch west. Sa dûkten der tal fan steechnammen op. Somtiden stelde it har foar in riedsel, want net altyd wie dúdlik wêr't de steech krekt rûn.

Ferhalen mei QR-koade

De stegen dy't weromfûn binne, hawwe in grien buordsje krigen, dêr't ek in QR-koade op stiet. Mei dy koade kinne minsken it ferhaal fan de steech of oare eftergrûnynformaasje weromfine. Sa is der net allinne út kultuerhistoarysk, mar ek út toeristysk eachpunt omtinken foar de stegen. Minsken kinne der in moaie rûte mei kuierje. De stegen binne werom te finen op Discover Harlingen. By dat projekt wurdt ek nei âlde muorreskilderingen sjoen, stroffelstiennen en maritym erfgoed.

Noch hieltyd binne der nammen dy't noch net in lokaasje krigen hawwe. Sa is der yn 1769 in hûs oan de Borstelmakerssteeg ferkocht, mar wêr't dy krekt lei, is noch ûnbekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)