'De nije Bildtse Post' ferskynt foar it earst: moanliks, mar wol fergees

De nije Bildtse Post fâlt fan woansdei ôf op It Bilt oeral op de matte. De krante makket ûnder útjouwer Pieter Jan Heidstra in trochstart, neidat yn juny it doek foar de Bildtse Post nei 85 jier foel.
De earste 'De nije Bildtse Post' wurdt útsutele yn Sint-Anne:
Net mear alle wiken, mar ien kear yn de moanne komt De nije Bildtse Post út mei lokaal nijs en mei ferhalen yn de Biltske taal. Utjouwer Pieter Jan Heidstra fan De Westereen hat de krante dêrmei nei libben jûn. Dat die er earder ek mei De Westereender.

Utsutelje yn Sint-Anne

De earste eksimplaren fan De nije Bildtse Post dielde hy tiisdeitemiddei út yn Sint-Anne. "Wat 85 jier bestien hat, is net samar wat. Ik tocht: it sil dochs net bestean dat der net mear wat foar te betinken is. De minsken fan It Bilt moatte it dochs misse. Dat hearde ik ek werom", jout Heidstra oan.
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Moanliks en fergees

Utjouwer Heidstra leit út wat de grutste ferskillen binne mei de eardere Bildtse Post: "De minsken binne wend om de krante alle wiken te krijen, mar dat wurdt no ien kear yn de moanne. De krante is wol fergees, foarhinne wie it allinne foar abonnees. Ek it uterlik is oars: it wurdt op in oare papierkwaliteit drukt, wy hawwe wat mear omtinken foar fotografy en in part fan de ferhalen komt yn de Biltske taal."
Alle wiken in krante wie net helber. "Dat hat te krijen mei finânsjes en mei tiid. As je in krante meitsje wolle, dan moatte je der ek wurk fan meitsje. As je it alle wiken dwaan wolle, dan wurdt it 'hap-snapwurk' mei in soad ynstjoerde stikjes. Dat sjogge je in soad by de hûs-oan-hûs blêden, mar dêr pas ik foar."

Advertearders

Heidstra is wiis dat er ek in soad advertearders oanlûke koe. "Je besteane mei in fergeze krante by de graasje fan de ûndernimmers. Nettsjinsteande dat ik in Wâldpyk bin, fine sy my dochs wol in sympatike keardel. De advertinsje-opjefte wie boppe ferwachting."