Binnenfeart wol sa gau as mooglik akwadukt yn stee fan spoarbrêge by Ljouwert

15 sep 2021 - 06:05

Yn stee fan in spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal by Ljouwert moat der sa gau as mooglik in akwadukt komme, as it oan de keninklike skippersferiening Schuttevaer leit. Grutte kontenerskippen kinne no net oer it wetter, omdat de brêge troch in steuring net iepen wol.

De stikkene brêge - Foto: ProNews

Dy steuring duorret neffens spoarbehearder ProRail op syn minst noch goed twa wiken. De provinsje hâldt rekken mei problemen oant ein oktober. De gefolgen foar de skipfeart binne grut, seit Klaas Kattouw fan Schuttevaer. "Schepen van hoger dan vijf meter kunnen er nu niet onderdoor."

25.000 euro wyks

De skippen moatte no in oare rûte kieze, mar dat kin hast net. "Omvaarroutes zijn er nauwelijks. Containerschepen moeten nu via Harlingen, maar de diepgang is daar minder en dus kunnen ze maar 60 procent van de lading meenemen."

It kostet kontenertransporteur MCS yn Ljouwert alle wiken 25.000 euro, seit Kattouw.

In skip foar de stikkene spoarbrêge - Foto: AS Media

Dêrom ha Schuttevaer en it Centraal Overleg Vaarwegen in brânbrief skreaun oan ProRail en it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. "We dringen aan op een snelle operatie." Dat is foar de koarte termyn. Op de lange termyn moat der mear gebeure: "Samen met de provincie en gemeente dringen we aan op een aquaduct."

Op een gegeven moment zijn er zoveel treinen, dat er nauwelijks tijd is om de brug nog te openen voor scheepverkeer.

Klaas Kattouw fan Schuttevaer

Yn de takomst is in akwadukt essinsjeel, fynt Kattouw. "Omdat er ook steeds meer treinen komen, dus het wordt alleen maar drukker. Op een gegeven moment zijn er zoveel treinen, dat er nauwelijks tijd is om de brug nog te openen voor scheepverkeer."

Kâns op akwadukt is lyts

Kattouw is ek realistysk: de kâns dat Den Haag no ynstimt mei in akwadukt is lyts. "We hebben natuurlijk een demissionair kabinet, het is nu niet de goede tijd. Dus het zal wel doorgeschoven worden."

Dochs betsjut dat net dat it der letter net fan komme kin. "De brug moet binnen afzienbare tijd toch vervangen worden. En als-ie dan toch vervangen wordt, maak er dan direct een aquaduct van."

(Advertinsje)
(Advertinsje)