Buma makket him gjin yllúzjes oer hanthavening op coronapas

14 sep 2021 - 21:18

De boargemasters fan de Veiligheidsregio's keare har op in pear punten tsjin de nije coronamaatregels fan it demisjonêre kabinet. Se wolle bygelyks gjin beheining yn de iepeningstiden fan diskoteken en yn it tal besikers by eveneminten. Dêrnjonken wurdt de hanthavening op de coronapas in dreech ferhaal.

It wurdt dreech om hanthaveners te finen, tinkt boargemaster Sybrand Buma:

Mei de nije regels meie diskoteken de doarren fan 25 septimber ôf wer iepenje, mar wol oant middernacht. En binneneveneminten sûnder fêste sitplakken binne ek wer tastien, mar de kapasiteit mei mar foar 75 prosint brûkt wurde.

Guon boargemasters wolle dus dat dy beheiningen fan tafel geane. "Maar het belangrijkste is dat de anderhalve meter eraf gaat", seit boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert. "Er gaat heel veel beter worden."

Wat boargemasters oanbelanget mei de nachthoareka nei middernacht ek iepen bliuwe. "Maar het kabinet zegt dat dat een risico is", seit Buma.

Faksinearje is de maklikste oplossing

De boargemaster rjochtet him dêrom ek net ta it kabinet, mar ta de Friezen. "Het is heel simpel, als we ervan af willen: laat je vaccineren. Dan zijn we zo snel mogelijk van al die maatregelen af."

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert - Foto: ANP

De foarsitters fan de 25 feilichheidsregio's ha it gebrûk fan de coronapas ek bepraat. Dy jildt ynkoarten ek op terrassen, wylst dy oer it algemien yn de iepen loft binne. "Dat heb ik ook aan de minister gevraagd", seit Buma. "Maar het punt is: je hebt allerlei verschillende terrassen. Wanneer is een terras buiten, en wanneer binnen?" It ûnderskied is soms dreech, neffens Buma.

"Sommige terrassen zijn bijna helemaal dicht, hebben één ingang, maar heten 'terras'. Daar is het risico eigenlijk net zo groot als binnen. Daarom zegt het kabinet: we maken geen verschil. Terras of binnen, overal geldt zo'n toegangsbewijs."

Jild foar hanthavening coronapas

It wurkjen mei sa'n coronapas betsjut ek dat derop hanthavene wurde moat. Demisjonêr premier Rutte wol dêrom ekstra jild nei de gemeenten ta ha, sadat dy tafersjochhâlders ynsette kin.

Buma moat noch mar sjen hoe't dat komt. "Op dit moment hebben we een arbeidsmarkt waar heel weinig mensen beschikbaar zijn. Dus ik maak me niet zoveel illusies over de extra mensen die we binnen een week op straat hebben om te handhaven. Ik ga ervan uit dat we in grote lijnen met de huidige mensen moeten doen."

We moeten heel eerlijk zijn: die anderhalvemeterregel is zeer beperkt gehandhaafd.

Boargemaster Buma fan Ljouwert

By de maatregels dy't ferline jier jilden, wie it ek de bedoeling dat hanthavene waard. Buma: "We moeten heel eerlijk zijn: die anderhalvemeterregel is zeer beperkt gehandhaafd. Het was heel moeilijk om dat te doen. Gelukkig houden de meeste mensen er zich gewoon aan. Mensen moeten zelf begrijpen dat het veiliger is als ze zich aan de regels houden."

"We zullen wel handhaven waar dat kan, maar dat is slechts in een aantal gevallen", moat Buma tajaan. "Maar door de handhaving gaan we ons ook niet zomaar aan de regels houden. Mensen moeten het zelf doen."

De maklikste oplossing, neffens Buma: "Als mensen zich vaccineren, zijn we ook van de maatregelen af."

(Advertinsje)
(Advertinsje)