Hantumers fine ring fan doarpsgenoat nei 42 jier werom troch Simmer yn Fryslân

14 sep 2021 - 21:16

Hy lei 42 jier lang en sa'n 32 sintimeter ûnder de grûn: de segelring dy't Hantumer Willem Tilma eartiids mei it sporten ferlern wie. Doe't Omrop Fryslân ôfrûne moanne foar Simmer yn Fryslân mei 'hobby-archeologen' Reinder en Wietse Niek yn it fjild wie, kaam de ring wer boppe wetter.

Foar Hantumer Willem Tilma begûn it mei ien fan de foto's út it blog fan Simmer yn Fryslân. Twa fan syn doarpsgenoaten, Wietse Niek Meijer en Reinder van der Woude, lieten ûnder mear in âlde ring sjen dy't se mei de metaaldetektor fûn hiene. En dy ring kaam Tilma wol hiel bekend foar.

Yn 1979 ferlern

"Dat koe myn ring wol wêze!" sei Willem Tilma fuortendaliks tsjin syn frou nei't er de foto seach. Mei ien fan de kuorbaltrainingen yn it doarp wie er de âlde segelring eartiids kwytrekke. Dat moat yn 1979 west ha.

"It wie in segelring, dy't wy krigen fan us âlden as we 18 jier waarden. Ik ha him 8 of 9 jier droegen, doe wie er wei", seit Tilma. "Dan kinne je him wol sykje op sa'n fjild, mar je fine him ek net sa gau mear, fansels."

Foto: Omrop Fryslân, Aukje de Hoop

Nei in petearke mei Reinder op it sportfjild die al gau bliken dat it yndied om de ring fan Tilma gie. Ofrûne woansdei kaam Reinder de ring oerlangjen op de jierlikse famyljedei. "Dat hie myn frou efter myn rêch om regele."

Ik wol him aansten wer altiten drage.

Willem Tilma oer de segelring fan syn âlden, dy't nei 42 jier wer út de grûn kaam

Tilma is der tige wiis mei. "It is dochs wat dat je krigen ha fan je âlden. Dy libje beide net mear", seit Tilma. "Ik wol him aansten wer altiten drage."

Geef wer út de grûn wei

Dêrfoar moat de ring earst noch wol efkes nei de makker, want hy past by Tilma net mear hielendal om de fingers. Dochs is de segelring sawat hielendal geef út de grûn wei kaam, sels al lei er jierrenlang sa'n 32 sintimeter djip. Tilma: "It is prachtich moai dat je soks werom krije."

Willem Tilma oer de ring dy't er 42 jier lang kwyt wie

(Advertinsje)
(Advertinsje)