PO-Raad wiis mei nij karantênebelied foar klassen: "Rek wie derút"

14 sep 2021 - 20:23

De PO-Raad is bliid dat it demisjonêre kabinet besletten hat dat op basisskoallen aanst net mear in hiele klasse yn karantêne hoecht by ien coronabesmetting. It is ien fan de wizigingen yn de coronaregels mei yngong fan 25 septimber.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De sektororganisaasje foar it primêre ûnderwiis seit nei de parsekonferinsje fan tiisdeitejûn dat de regels op in feilige wize ferromme wurde kinne sadat "safolle mooglik bern ûnderwiis folgje kinne op skoalle".

"De ôfrûne wiken wienen útdaagjend foar in hiel soad skoallen, âlders en learlingen", seit de Fryske foarsitter fan de PO-Raad, Freddy Weima, tsjin parseburo ANP.

Wichtich foar de ûntwikkeling

"Al fuortendaliks by de start fan it nije skoaljier kamen klassen wer geregeld thús te sitten doe't ien learling besmet wie. It is tige wichtich foar de ûntwikkeling fan learlingen dat sy les krije op skoalle, mei harren klasgenoaten. Ek by skoalleteams en âlders hearden we hieltyd faker dat de rek derút wie."

Fan 20 septimber ôf oerlizze skoallen mei de GGD foar elk gefal apart hoefolle learlingen oft der yn karantêne moatte by in besmetting. Dat kin de hiele klasse wêze, mar ek in part fan de learlingen of allinnich de besmette learlingen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)