Giftige poddestoel soarget foar deade hûnen yn Burgum

14 sep 2021 - 20:09

In griene knolamanyt - dat is in poddestoel - hat yn Burgum soarge foar ferskate deade hûnen. Bewenners ha de poddestoel op ferskate plakken stean sjoen.

In griene knolamanyt - Foto: Esther Leystra

In bistedokterpraktyk yn it doarp hie al in warskôging op Facebook pleatst, om't se ferskate sike hûnen binnen krigen dy't fergiftige wiene troch de poddestoel en it úteinlik net oerlibbe ha.

Bistedokter Thamar de Lange: "Het feit dat deze honden een paddenstoel hebben gegeten en dat in combinatie met de klinische klachten zoals braken, diarree en leverfalen maakt deze conclusie."

Goed oppasse

Hûne-eigeners moatte dus om de poddestoel tinke. As eigeners tinke dat harren hûn sa'n poddestoel opiten hat, kinne se it bêste in foto meitsje, of de poddestoel meinimme nei de bistedokter.

De gemeente Tytsjerksteradiel hat nei oanlieding fan it nijs witte litten dat se útsykje wat der krekt oan 'e hân is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)