Fryske follyballers helpe Oranje net oan EK-stunt tsjin Servië

It Nederlânsk follybalteam, mei de Friezen Bennie Tuinstra en Steven Ottevanger, is útskeakele op it Europeesk kampioenskip. Yn de kwartfinale wie titelferdigener Servië mei 0-3 te sterk yn Gdansk. De setstannen wienen 23-25, 20-25 en 25-27.
Bennie Tuinstra yn it oranje © ANP
Yn de earste set koe Nederlân it favorite Servië goed bybliuwe en hie it sels in foarspronkje, mar dy waard net fêstholden. Servië helle de set mei it lytst mooglike ferskil binnen. Oan it begjin fan de twadde set hie Servië direkt in gatsje. Dat waard nea hiel grut, mar Nederlân koe it gat ek net mear tichtsje.
De tredde set wie wer spannend. Servië hie lang in lytse foarsprong, mar Nederlân koe opnij goed by bliuwe. Oranje krige op 24-23 sels in setpunt, mar dat waard net benut. Op 25-26 makke Servië wol dien wurk.