Soargen oer fuortbestean maatskiplike organisaasjes nei stopsetten subsydzje

14 sep 2021 - 18:34

In part fan de provinsjale polityk hat noed oer in tal maatskiplike organisaasjes dy't it al jierren sûnder provinsjale subsydzje dwaan moatte. Guon fan dy organisaasjes binne al omfallen en oaren ha in needgjalp dien om oerein te bliuwen.

In reinbôgeflagge foar it Provinsjehûs - Foto: Omrop Fryslân

Organisaasjes lykas Zorgbelang, FSU, Tûmba en COC Fryslân krigen oant fiif jier lyn struktureel subsydzje. Dat waard stopset doe't guon taken fan de provinsje oergiene nei de gemeenten. Dy soene ek rêde moatte mei de subsydzjes.

Gemeenten kinne of wolle subsydzjerol net oernimme

Yn de praktyk docht bliken dat dêr net it measte fan op de hispel kaam is, want nochal wat gemeenten sitte mei tekoarten, of se fine dat de organisaasjes der binne foar de hiele provinsje en net allinne foar de ynwenners fan har gemeente.

COC yn swier waar

Hoor Friesland en FSU binne omfallen trochdat de subsydzje net mear ferliend wurdt. En COC Fryslân is yn swier waar kaam sûnt de provinsje net mear struktureel stipe jout. It COC kin de fêste kosten al net mear betelje, wylst se de ôfrûne jierren al besunige ha op bygelyks húsfêsting.

Fan it simmer sei it COC dat se fine dat de provinsje Fryslân de finansjele noed te folle fan him ôfskoot. De provinsje wol net meiwurkje en wiist nei gemeenten. Op it stuit jouwe trije Fryske gemeenten jild oan it COC. Ljouwert is der ien fan. Wethâlder Kuiken wol dat oare gemeenten it COC ek opnimme yn harren begrutting.

Provinsje moat mei gemeenten prate

Neffens de Steatefraksjes fan GrienLinks, D66, SP, Partij voor de Dieren en 50PLUS driigje oare organisaasjes ek om te fallen. Se wolle dat provinsje en gemeenten mei elkoar sjogge hoe't dat foarkaam wurde kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)